OS Athene 2004

Fysiotherapeut én bondscoach

Vier jaar geleden dacht Kornelis Bijlsma nog dat zijn eerste Olympische Spelen ook de laatste zouden zijn. Na Sydney is de veertigjarige fysiotherapeut uit Buitenpost er echter ook in Athene weer bij. In een dubbelrol. Vier jaar geleden was de geboren Burgumer ‘fysio’ van de zes deelnemende triatleten, nu is hij ook de bondscoach. Op voorspraak van de twee olympiagangers Wieke Hoogzaad en Tracy Looze.

Hoe raar het in de topsport kan gaan, weet Kornelis Bijlsma inmiddels als geen ander. Want wie hem een jaar geleden gezegd had dat hij als bondscoach van de triatleten naar de Olympische Spelen van Athene zou gaan, was voor stapelgek uitgemaakt. Toch gaat hij. ,,Mar ik ha it pas yn juny te hearren krigen.’’

Het verhaal begint eigenlijk al tijdens de Spelen van Sydney. De Nederlandse triatlonploeg, drie mannen en drie vrouwen, falen opzichtig in Australië. De toenmalige bondscoach Louis del Haye stapt op en zijn taken worden overgenomen door Marcel Swart, die bondscoach wordt, en teammanager Gerrino Mulder.

Het plan dat de twee schrijven richting de Spelen van Athene is ambitieus. Te ambitieus, blijkt al snel. ,,Gerrino rûn fiersten te folle foar de troepen út. Hy seach net nei de efterban en dat kin net foar in lyts bûn. Hy is der al begjin 2003 mei ophâlden.’’ Maar ook de bondscoach bleek niet in de pas te lopen. Hoewel de situatie (opereren zonder teammanager) niet ideaal was, bleek het niet te klikken en stapte ook Marcel Swart eind vorig jaar op.

Zonder officieel gevraagd of benoemd te zijn, kan Kornelis Bijlsma concluderen vanaf dat moment al bondscoach te zijn. ,,Dêr is it wol op delkommen. Fan novimber ôf bin ik meigongen nei alle Worldcups. Earst nei Australië en dêrnei fuort nei Nij Seelân. It wie wol fantastysk dat Wieke Hoogzaad yn Australië in Worldcup wûn. Dat hie noch noait in Nederlânske frou presteard.’’

Uiteindelijk werd Bijlsma in juni definitief aangesteld als bondscoach. ,,Interim hear. Sa neam ik mysels. Ik ha it dien, om’t ik troch de atleten sels nei foaren skood bin. Dat is de wurdearring fan de sporters. Ik hoech ek gjin wurdearring fan it bûn. Ik doch dit omdat ik de sporters in waarm hert tadraach. Ik bin in fysio dy’t troch syn eigen erfarings as triatleet ek wit wat der allegear by te sjen komt.’’

Toch geniet Bijlsma, die in Zwaagwesteinde in een maatschap een fysiotherapiepraktijk bestiert, van zijn nieuwe status. ,,Moatst ynienen nei it Olympisch Coach Platform. Dan sitst tusken mannen as Joop Alberda en Cor van der Geest. Dan wurdst bypraat oer alles om de Spullen hinne en ek al rjochting 2008. Mar dan bin ik wer gewoan de fysio, hear.’’

Toch gaat hij naar Athene om te presteren. ,,Ik haw alris yn Athene west, ha de Acropolis al op in foto stean. Dus ik konsintrear my hielendal op myn twa atleten. Wy binne al

folslein ôfskreaun troch de parse. Dat komt fansels troch it falen yn Sydney, de tûkelteammen om de bondscoach en de teammanager en troch it feit dat der no mar twa atleten hinne gean.’’

,,Wy kinne yn myn eagen dus allinnich mar winne. En as Wieke in Worldcup winne kin, dan is in medalje ek net ûnmooglik. Mar dat hinget fan safolle faktoaren ôf. It gelok is dat Wieke op har bêst is as der gjin druk op leit. En dat is no it gefal. De earste 400 meter by it swimmen sille hiel wichtich wurde. Dêr moatte Wieke en Tracy goed trochhinne komme. En dan sil it by it fytsen beslikke wurde. Want der sit in heuvel mei in ‘stijgingspercentage’ fan sa’n 15 persint yn en dy moat fiif kear beklommen wurde.’’

Of een van zijn twee atleten in de medailles valt, valt te bezien. ,,It soe moai wêze, mar ik fyn dat de Olympyske Spullen sa bot opwurdearre wurde. Dat is ek de reden dat in hiele protte favoriten net presteare. De measte sporters binne oertraind as se op de Spullen komme. Dêr ha ik foar wake, mar kinst de sporters der ek net by weihâlde. It binne de Spullen, der is ‘mega’ folle oandacht, sitst yn in atletendoarp. Der komt safolle op dy ôf. Bliuw dan mar ris dysels. It is echt in psychysk blok.’’

Bijlsma is zich er in elk geval van bewust dat hij tijdens de wedstrijd amper meer iets voor zijn meiden kan doen. ,,Kinst allinnich in bytsje it wedstriidferrin oanjaan. Fertelle wat de tiden binne en op watfoar posysje se yn de wedstriid lizze. Myn wurk as coach is eins dien as de wedstriid begjint.’’

,,Mar moatst ek net ferjitte dat triatleten hiel yndividueel binne. Se ha allegear in eigen trainer en gean harren eigen gong. Dus dêr moatst in protte rekken mei hâlde. En dat doch ik ek. Ik tink ek dat ik dêrom nei foaren skood bin. As bondscoach nei de Olympyske Spullen. Wie kan dat je navertelllen.